Jacht op de Codex Frisicus

€ 22,50

Willem Schoorstra
‘Jacht op de Codex Frisicus is in eksplosive thriller sûnder wjergea. Willem Schoorstra nimt de lêzer yn in razend tempo mei yn in ynternasjonaal ferhaal, wêryn’t feit en fiksje op ûnneifolchbere wize yninoar oerrinne.’

 

As op in stuit in samling skriften en brieven opdûkt dêr’t ek âlde, yn runen beskreaune fellums by sitte, komme der krêften op gong dy’t de libbens fan tal minsken op ’e kop sette sille. Lykas dat fan eks-resjersjeur Tideman Bijlsma, syn two-night stand Frida en syn help Bilinka. Sy reitsje betize yn in web fan moard, midsiuwske ynstitúsjes en hekserij.
Troch de ûnderfinings dy’t in frou út Frisia yn it Romeinske ryk opdien hat, wachtet it selskip fan Tideman lang om let in delgong yn de ûnderwrâld. It ryk fan de deaden, dêr’t de grutste Magiër ea in talisman skepen hat om in legindarysk artefakt te beweitsjen.
Jacht op de Codex Frisicus is in psychologyske thriller mei esotearyske, okkulte en filosofyske eleminten. It ferhaal spilet him ôf sawol yn de wrâld fan no as yn dy fan de earste iuw nei Kristus.


Lúkse paperback, 312 siden / ISBN 978 9492 457 455

 

Oer de skriuwer
Willem Schoorstra debutearre yn 2001 mei de gedichtebondel Ynwijing. Dêrnei kamen de ferhalebondel Berjochten út Babel en de romans Swarte Ingels (bekroand mei de Fedde Schurerpriis), De ôfrekken, Rêdbâd (it echte ferhaal), Pier, De nacht fan Mare, Rosmos en De Poëtyske Edda.