Wrek en Begear
Willem Schoorstra
Thüringen, 1241. Minstreel Konrad von Geveren (fan it Eastfryske Jever) komt op útnûging fan lângreve Heinrich Raspe IV nei de Wartburg – hy, de pierewaaier en de swankebast. Oan it hof moetet er Elisabeth von Babenburg, in fertroulinge fan de lângreve: yntelligint en in frou mei in skalk each op de konvinsjes fan har stân en har tiid. Dêr’t oare froulju falle foar de sjarmes fan Konrad, ferget sy him krekt.
Op har oanstean fertelt Konrad har it ferhaal dat yn syn famylje oerlevere is, it ferhaal oer it lot fan de Nibelungen. Lykwols is it net de bekende, hoaske fariant, mar in gâns âldere, rûgere en realistysker ferzje.
Stadichoan groeit der wat tusken Konrad en Elisabeth, wylst harren petearen en omstannichheden de fertelling begjinne te spegeljen. Wat yn ’e earste oanrin fermeits wie, wurdt ek foar Konrad en Elisabeth hurde werklikheid. It lot dat foar de Nibelungen ûnûntkomber bliek, is dat ek foar de minstreel en de jonkfrou.
Elisabeth besiket dêr noch alles oan te dwaan, mar ek sy is net by steat om it lot te kearen. Neigeraden de wraak fan Grymhilt yn de fertelling almar promininter wurdt, jildt dat just oarsom foar de libbensromte fan Elisabeth: de lângreve wol har úthoulikje oan in man dy’t se ferachtet.
Konrad lûkt him nei in finale krisis op de Wartburg werom yn in kleaster. Dêr skriuwt er jierren letter op wat der bard is: it lot fan de Nibelungen dat ek him en Elisabeth troffen hat.
“Wrek en Begear is in ramtferhaal yn de tradysje fan Beowulf, de Decamerone en de Canterbury Tales.”
Paperback, 256 siden / ISBN 9789492457660 / Ferskynt 03-12-2026