Ferburgen Fryslân / Hidden Frisia

€ 35,00

Willem Schoorstra

Fryslân hat allegear bysûndere, iuwenâlde saken te bieden, stille tsjûgen fan it minskebestean troch de milennia hinne. Meastentiids binne dy saken lyts en ûnopfallend, ferburgen hast, lykas tekens op muorren en kûmkes yn swerf­stiennen op in hôf. Soms ek falle se mear op, lykas stinswieren en lykpaden.

Alles dat yn Ferburgen Fryslân lykwols oan ’e oarder komt fertelt in ferhaal, is in werjefte fan hoe’t de minske him steande hâlde yn ûnwisse tiden. Myte, magy en religy spylje sadwaande in grutte rol yn dit boek, meitsje dúdlik hoe’t dy – mar al te – minsklike kondysje oant de dei fan hjoed neigalmet.

‘Ferburgen Fryslân / Hidden Frisia is in unike, twatalige útjefte dy’t gâns eagen iepenje sil.’

Frisia has a variety of unique, age-old features to offer, silent witnesses of human existence throughout the centuries. They tend to be small and incon­spicuous, almost hidden, just marks on walls or cup marks on erraticboulders in churchyards. Sometimes they are more visible, like stins
mounds and ancient funeral paths.

Everything that appears in Hidden Frisia tells a story, it is a representation of how people sustained themselves in times of uncertainty. Myth, magic and faith therefore play a huge role in this book, making clear how that – all too – familiar human condition reverberates up to the present day.

‘Ferburgen Fryslân / Hidden Frisia is a unique, bilingual publication that is set to open eyes and spark new perspectives.’

 

Ynbûn, hard cover / 376 siden, pages / € 35,- / ISBN 9789492457585 / Ferskynt, date of publication 22-11-2025