Maia en har freonen

€ 10,00

Larysa Denysenko

De Fryske útjouwers bringe mei-inoar it Oekraynske printeboek Maia en har freonen belangeleas út yn it Frysk.

It is it ferhaal oer Maia, har klassegenoaten en harren juf Julia. Dy leart de bern dat it net útmakket oftst yn in lyts húshâlding wennest of yn in grutte clan. Ast no wol of net ‘echte’ famylje bist. Hoefolle memmen of heiten ast hast. It wichtichste is om fan inoar te hâlden en inoar te respektearjen. Dy wearde is hillich.

Dy wearde is wichtiger as oait no’t it wer oarloch is yn Europa en miljoenen bern en har âlden harren thúslân Oekraïne ferlitte moatte.

De opbringsten fan Maia en har freonen binne foar UNICEF-Oekraïne.

Leeftiid: 7+ / Ynbûn, mei yllustraasjes / ISBN 9789493159846