Boechbylden

€ 19,90

Boechbylden

€ 19,90

Kar en oersetting Eppie Dam en Abe de Vries
In grutte seleksje út de gedichten fan Slauerhoff yn it Frysk beskikber te hawwen, is yn Fryslân al lang in winsk dy’t wachtet op ferfolling; dit boek hat jierren ûnderweis west. De byinoar brochte fersen binne útkeazen en oerset troch de dichters Eppie Dam (Gysbert Japicxpriis 2017) en Abe de Vries (Gysbert Japicxpriis 2005).

 

Dichter Jan Jacob Slauerhoff (1898-1936) wie in Ljouwerter, opgroeid as soan fan in ynterieurwinkelman yn ’e stêd, siet mei Simon Vestdijk op ’e HBS en wie ek oan Fryslân ferbûn troch syn jeugdleafde foar dûmnysdochter Heleen Hille Ris Lambers út Jorwert, syn fakânsjes op Flylân (it eilân dêr’t syn mem weikaam) en inkelde waarnimmerskippen as dokter, yn Baard, De Ryp en op ’e Sweach.

 

Obe Postma neamde him ‘een Friese jongeman, maar met vermogens meer dan Friesland’. Hendrik de Vries tocht dat der ‘ondanks alle cosmopolitisme, iets van de vochtige weemoed van Friesland in zijn verzen blijft zweven’. En Anne Wadman miende: ‘Hy wie net ien fan uzen. En dochs ek wol wer.’

 

Lúkse paperback, 168 siden / ISBN 9789492 457 400 / Ferskynt 18-09-2020