Wek yn ’e rivier

€ 19,50

Wek yn ’e rivier

€ 19,50

Durk van der Ploeg

In oangripende roman oer it libben fan Ake Dongera. Hy kin tige leare en studearret op oanstean fan syn heit teology. Yn ’e oarloch wurdt de húshâlding yn it fersetswurk behelle. As troch ferrie de pleats oerfallen wurdt en de manlju foar ferhoar meinommen wurde, feroaret wrâld en wrâldbyld fan Ake.
 Nei de oarloch giet er fierder mei in stúdzje klassike talen en ferdjippet er him yn ’e Grykske oarloggen. As er him taleit op it skriuwen fan in proefskrift ferfrjemdet er hieltyd mear fan de werklikheid.
 It ferhaal fan in húshâlding dy’t troch de oarloch útinoar skuord wurdt. Ferteld troch de broer dy’t in libben lang yn it skaad fan Ake libbe, mar de kop derfoar hâldt.


Lúkse paperback / 208 siden / ISBN 9789492457277

 

Oer de skriuwer

Durk van der Ploeg (Hoogkarspel, 1930). Wurke as redakteur. Debutearre as romanskriuwer yn 1968. Skreau romans, ferhalen, gedichten en essay’s. Dêrfoar waard him yn 2011 de Gysbert Japicxpriis takend. Fan him ferskynden ûnder oare de folgjende romans: De Jacht, Foarby it Boarkumer fjoer, It Himelsk Oerwurk, De kjeld fan it Noarden, De Belvedêre, Oer Atlantyske Djipten, De lêste floed, Wek yn ’e rivier en Het ebben van de laatste vloed.