Heech Tymo, sjoch omheech

€ 19,95

Koos Tiemersma

Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei te luilakjen op de bank dêr’t Tymo sa graach op sitte mei om te gamen. Dêrom wol Tymo dy nije flam fan syn mem sa gau mooglik ta de doar út hawwe.

Tagelyk wurdt it no echt tiid dat se in leukere freon fynt, tinkt er. Mar hoe moat er dat oanpakke? En dan komt der in nij jonkje by Tymo yn de groep. Dy’t in hiel spannende Heit Sûnder Frou hat, in echte keunster dy’t bylden sa grut as in reus makket. Soe dy net mei syn mem wolle? Al gau komt Tymo derachter dat it allegear net sa maklik is, hielendal as Bahar neist him te wenjen komt.

 

"In boek foar lyts en grut, jong en âld, oer leafde en lije, it trochbrekken fan grinzen en ûntdekke wa’t je binne, skreaun mei humor en oant de ein ta spannend."

 

Ynbûn, 136 siden, mei yllustraasjes / ISBN 9789492457202

 

Over de auteur

Koos Tiemersma (1952) waard bekend as skriuwer fan romans as De ljedder en Einum, dy't bekroand waarden mei de Rink van der Velde- en de Gysbert Japicxpriis. By Het Nieuwe Kanaal debuteart er mei syn earste berneboek: Heech Tymo, sjoch omheech.