De nacht fan Mare

€ 19,50

De nacht fan Mare

€ 19,50

Willem Schoorstra

Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op ’e syk nei syn plak yn de weareld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock ’n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy’t alles mei ferslaving te krijen hat.

‘De Nacht fan Mare is, nei twa histoaryske romans, opnij eigentiids wurk fan Willem Schoorstra. In boek dat de lêzer fuortendaliks by de lurven krijt, om dêrnei net wer los te litten.’

 

Lúkse paperback, 272 siden / ISBN 9789492457110

 

Oer de skriuwer

Willem Schoorstra debutearre yn 2001 mei de gedichtebondel Ynwijing. Dêrnei kamen de ferhalebondel Berjochten út Babel en de romans Swarte Ingels (bekroand mei de Fedde Schurerpriis), De ôfrekken, Rêdbâd (it echte ferhaal), Pier, De nacht fan Mare (bekroand mei de Rink van der Veldepriis 2018) en Rosmos. Neist it skriuwen fan romans hâldt Schoorstra him ek dwaande mei senario’s, essays en (radio)kollums.