Fryske Edda oer de grinzen

Gepubliceerd op 11 december 2019 om 23:22

Op útnûging fan dr. Halink, Háskóli Íslands, reizget de Fryske Edda takom jier nei Yslân. De befolking dêr blykt slim nijsgjirrich te wêzen nei wat bûtenlanners mei harren erfgoed dogge. Dat doe't bekend waard dat de Poëtyske Edda yn it Frysk ferskine soe, folge in útnûging om it dêroer te hawwen. Al rillegau gie it ek oer de parallellen tusken Fryslân en Yslân (wetten, taal, in maatskippij sûnder sintraal gesach, skipfeart, buorkjen) en ûntstie it idee fan in brede kulturele útwikseling. Om't sokke inisjativen oerienkomme mei de ambysjes fan provinsje Fryslân, rekken de inisjatyfnimmers mei de provinsje om de tafel. De útkomst dêrfan is in plan om ta in bestindige útwikseling te kommen.


«   »